Yntroduksje.

B.V. Bixoft is in Nederlânsk bedriuw dat him spesjalisearre hat yn assemblerprogramma's foar mainframes. Net allinnich foar MVS, OS/390, en z/OS, mar ek foar VM/CMS- en DOS/VSE-fermiddens.

Wy propagearje it brûken fan assembler mei't jo dêr in tal saken yn dwaan kinne dy't yn 3GL's net mooglik binne. Wy binne net út op in sa breed mooglike tapassing fan assembler; wat wy bestribje is it tapassen fan assembler mei belied en ferdrach, dus dêre wêr't it doel hat. In wichtich punt fan omtinken is sadwaande ek hieltyd de mooglikheid om it yn de takomst te ûnderhâlden.

Us aktiviteiten fariearje fan adfisearjen en ûntwerpen oant ymplementearjen en ûnderhâlden. Dêrnjonken jouwe wy ek kursussen yn en begelieding by it brûken fan assembler.

As wy it hawwe oer konkrete produkten, dan moatte jo tinke oan pre-compilers, migraasjes en oplossings foar hiele drege problemen, ûnder oare spesifike 3GL-problemen.

Dizze web-site is net hielendal yn it Frysk oerset. As jo mear witte wolle, dan kinne jo fierder lêze yn it Nederlânsk of yn it Ingelsk. Klik ien fan beide taal-flaggen underyn jo skerm oan foar de folgjende ûnderwerpen:

Wy hawwe der wakker flyt op dien om in goede oersetting foar jo te meitsjen. Soene jo dochs noch flaters yn dizze tekst fine, dan wolle wy dat ek graach fan jo heare.


Mear ynformaasje? Jo hawwe de kar tusken Nederlânsk en Ingelsk, en jo kinne ús jo fragen ek e-mailje.

Hokker taal wolle jo brûken?
Nederlânske flagge Ingelske flagge
Nederlânsk Ingelsk

Dizze tekst yn it Nederlânsk.
Dizze tekst yn it Ingelsk.

 

This site is a member of WebRing.
You are invited to browse the list of mainframe-loving sites.
Running Tyrannosaurus Rex Dinos are not dead. They are alive and well and living in data centers all around you. They speak in tongues and work strange magics with computers. Beware the dino! And just in case you're waiting for the final demise of these dino's: remember that dinos ruled the world for 155-million years!
Dinos and other anachronisms
[ Join Now | Ring Hub | Random | << Prev | Next >> ]